SIS TSIIS

FRYSK OP SKOALLE

IN BERNERJOCHT!

x

Demonstrearje mei op 22 desimber yn Ljouwert
Start op it Saailân om 18:30

Mear as tritich jier lyn, in heal minskelibben al, mochten alle Fryske bern foar it earst op de legere skoalle wat oer har eigen taal leare. En mear as tweintich jier lyn, in hiele generaasje lyn al, mochten alle Fryske bern op de middelbere skoalle wat opstekke oer har eigen taal. Dat it fak Frysk ferplichte oanbean wurde moast wie in hoopfolle ûntjouwing, dêr’t de mear as 350.000 Frysksprekkers yn de provinsje Fryslân út opmeitsje mochten dat yn Nederlân it rjocht op ûnderwiis yn it Frysk tenei serieus oppakt wurde soe. Earder hie dat ûnderrjocht ommers mar sa’n spultsje west fan hjir wat, dêr in bytsje, en alles op basis fan frijwillichheid en it entûsjasme fan de inkeling.

Mar anno 2016 is der gjin reden mear foar optimisme oer it Frysk ûnderwiis. In deibegjin kin it net mear neamd wurde: wilens is it nacht yn ’e nane. Frysk leare op skoalle, it is by op syn heechst in oerke yn ’e wike bleaun. De measte masters wolle wol, mar kinne te min. It komt foar dat ûnbrûkbere lesmiddels jierrenlang dochs brûkt wurde moatte. It komt foar dat lessen bestean út it sjen nei in fideootsje. It komt hieltyd mear foar dat skoallen gebrûk meitsje fan de mooglikheid ûntheffing te freegjen fan de ferplichting om Frysk ûnderwiis te jaan – en dy samar krije fan de Provinsje. Unheffing of net, yn beide gefallen lit de ûnderwiisynspeksje it Frysk oan ’e kant fan ’e dyk lizze. Jawis, der is in Wet op it basisûnderwiis, der binne folsleine kearndoelen foar it fak Frysk, wat betsjut dat bern it as se it ûnderwiis ferlitte it Frysk sprekke, lêze en skriuwe kinne; der is in hânfêst foar beskerming fan minderheidstalen dêr’t it rjocht op ûnderwiis helder yn ferankere is. Mei de politike mûle sit it meast wol goed, mar it binne konkrete politike dieden dêr’t op wachte wurdt.

Wierlik, effektyf Frysk ûnderwiis is foar de Frysksprekkende taalminderheid yn Nederlân ommers in minskerjocht. Wierlik en effektyf Frysk ûnderwiis is ek in bernerjocht. In rjocht dat, op ’t heden en altyd al, âlden en bern allyk ûntkeard wurdt troch de Nederlânske steat en de Provinsje Fryslân. Wa of wat makket risselwaasje om it yndividueel-minsklike én maatskiplike probleem fan it Fryske analfabetisme werklik oan te pakken? Us multykulturele ideaal is omslein yn it omkearde, nammentlik fan taaldiversiteit nei in assimilaasje-ideology: trochinoar 90 oant 95 persint Nederlânsk, wat Ingelsk en sa’n 2 persint Frysk yn it basisûnderwiis. Frysktalige learlingen wurde troch it ûnderwiis ferballe út har eigen taal.

It wurdt tiid om sjen en hearre te litten dat der in ein komme moat oan dy beskamsume sitewaasje, in lân ûnweardich dat graach altyd en oeral foaroan stiet om te striden foar minskerjochten. Wy wolle op tongersdei 22 desimber dêrom mei in demonstraasje yn Ljouwert oan de polityk en de befolking fan Fryslân net inkeld sjen litte dat wy ús taal de muoite wurdich fine om noed foar te stean. Wy wolle ek en foaral derop ta dat ús bern lang om let it rjocht krije sille dat wy noait hân hawwe: it rjocht op wierliken en effektyf ûnderwiis yn it Frysk. It giet om mear oeren, middels en minsken; om mear earmslach foar it Frysk op trijetalige skoallen; om it planmjittich en mei oertsjûging tawurkjen nei in dúdlik better plak foar it ûnderwiis fan en yn it Frysk.

Op 22 desimber om 18.30 oere sille wy byinoar komme op it Saailân yn Ljouwert, om fan dêr yn optocht troch de stêd te gean. Elkenien is fan herte útnoege om mei te dwaan, wat mear minsken, wat better.

Frysk op skoalle – in bernerjocht!

x

Download tekst as pdf Frysk op skoalle – In bernerjocht
Download tekst als pdf (NL) Frysk op skoalle – In bernerjocht – NL

Advertisements
This entry was posted in Aksjes/Events. Bookmark the permalink.

One Response to SIS TSIIS

  1. In goed begjin fan mear Frysk op skoalle. Mar om koart te griemen is in “Facebook” side hjirneist better. Dan berikke jimme folle mear sjoggers en lêzers. Doe ik op de legere skoalle siet yn 1953, 54 krigen wy yn ‘e wike in oere Fryske les. Dus yn 60 jier is der neat feroare. Dat raast fansels oan ‘e protters. De aksje op 22 desimber moat ek in begjin wêze fan it Frysk mear op skoallen. Elke wike in eamel oan alle skoallen yn Fryslân tastjoere, soe in soad omtinken opsmite. Besykje op elke skoalle in omtinker Frysk te krijen.
    Mar ik soe my sels net wêze as ik net in bytsje kritysk op jimme bin: It wurd “Pilots” bygelyks ferfange troch “Testen”. As jimme begjinne mei mear Ingelsk yn ‘t Frysk, dan heakje ik ôf.
    In protte wille mei dizze webside en ik sil besykje op tongersdei 22 desimber der by te wêzen.

    Like

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s