Rie fan Europa ûntefreden oer Frysk ûnderwiis

Ofrûne woansdei hat yn Straatsboarch it fyfde fuortgongsrapport oangeande de útfiering fan it Europeesk Hânfêst fan Regionale en Minderheidstalen it ljocht sjoen. It evaluearjend orgaan, it Kommitee fan Ministers fan de Rie fan Europa, oardielet dat Nederlân fierstente min docht oan de beskerming fan syn minderheidstalen, minder noch as in pear jier lyn.
Hja wize nei de Mediawet dy’t Omrop Fryslân gewoan ûnder de nasjonale media skowe kin, nei de machtleaze Wet gebrûk Fryske taal, nei it ûntbrekken fan in strukturearre ymplemintaasjeplan fan it hânfêst, it mankearjen fan struktureel oerlis mei sprekkers fan minderheidstalen, en nei de minne posysje fan Frysk yn it ûnderwiis.
Deryn binne de trijetalige skoallen in hoopfolle ûntjouwing,

However, most of the primary and secondary schools only offer Frisian for about one hour per week and, in secondary education, only during the first year. This is not sufficient for the development of an adequate level of literacy.

In probleem is dat de Nederlânske en provinsjale oerheid ek net stribje nei in goede Fryske taalbehearsking. It Taalplan Frysk, dat provinsje Fryslân ûntwurpen hat en dat foarsjocht yn it ferlienen fan parsjele ûntheffingen foar Frysk op skoalle, lit sjen dat it hjir net tinken is mei it hânfêst.

[N]ow the Province is also allowed to grant partial exemptions. As a result, different profiles have been developed for the schools in Fryslân. The process of implementing these provisions has only begun. It is expected that the first exemptions will come into force in the 2017-2018 school year.

In goede behearsking fan de eigen taal is lykwols wol dêr’t Fryske bern rjocht op hawwe, neffens it Europeesk hânfêst.

The Committee of Experts notes, however, that most profiles are focused on oral use and developing a positive attitude towards Frisian. This might not be in line with the … the Charter.

It artikel fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) oer it fuortgongsrapport is hjir te finen.
It fyfde fuortgongsrapport fan de Rie fan Europa is hjir te downloaden.
It haadredaksjoneel kommentaar fan Willem Bosma, Ljouwerter Krante, oangeande it fuortgongsrapport is hjir te finen: Straat op voor het Fries.

Advertisements
This entry was posted in Nijs. Bookmark the permalink.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s