Der binne ferplichtingen: wy kinne ús derop beroppe

Us oerheid hat frijwillich in hiel stikmannich ynternasjonale wetten en ferdraggen ûndertekene dêr’t de beskerming fan de Fryske minderheidstaal yn fêstleit. De oerheid hat dus grutte ferplichtingen. Dy moatte hja neikomme. Dat seit professor ynternasjonale minskerochten Yvonne Donders.

tsiis-lc-20170208-zu01024008

Beskerming fan de taal hat as doel:
– minsklike weardicheid, ynbegrepen identiteit, mar ek
– selsbeskikking, sels in kar meitsje kinne, want identiteiten feroarje, ommers minsken feroarje, en ek
– ûntwikkeling en ûntjouwing fan de bern, dêr heart taal ûnmisber by en de minderheidstaal dus ek.

pijlen-lc-20170209-zu01002006

Om’t taal sa fûneminteel is, is it taalrjocht fêstlein yn in lange list fan bepalingen. Dy bepalingen gean oer tolerânsje, dus dat elkenien de taal fan syn foarkar sprekke mei (frijheid fan ekspresje) en dat de Fryske taalbrûker net diskriminearre wurdt mar lykas de Nederlânske taalbrûker ûnderwiis yn syn eigen taal krije mei.
Mar ek gean de bepalingen mar ek oer it aktyf fuortsterkjen fan de diversiteit. De oerheid is dêrom ferplichte om him yn te spannen om de minderheidstaal oan te bieden yn it ûnderwiis en om it Frysk in wêzentlik part fan it ûnderwiis te meitsjen. Op de bepalingen oer it aktyf beskermjen fan diversiteit kinne alle boargers en alle groepen har sûnder mear beroppe.

Hjir binne de kranteartikels te downloaden:
Sis Tsiis onderzoekt rechtsgang, LC 8 febrewaris 2017
Sis Tsiis richt pijlen eerst op de politiek, LC 9 febrewaris 2017

Advertisements
This entry was posted in Aksjes/Events. Bookmark the permalink.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s