It beswierskrift: wat bart der no mei?

image

Foto: Thinkstock

Op freed 12 maaie 2017 hat Sis Tsiis by Deputearre Steaten in beswierskirft yntsjinne tsjin de ‘Beleidsregel voor het verkrijgen voor ontheffing van het vak Fries.’ En no is it stil. En jo tinke: hmm. In soad reden om gerêst te wêzen is der net, mar jo moatte noch efkes ôfwachtsje.

Elkenien hat it rjocht om beswier te meitsjen tsjin in beslút fan in bestjoersorgaan. Ek tsjin in oerheidsbestjoer kin in beswier oantekene (litten) wurde. It beswierskrift moat foldwaan oan in stikmannich easken. Sa moat it beswier binnen seis wiken nei it bekendmeitsjen fan it beslút yntsjinne wurde, der moat in hantekening op en it beslút dêr’t jo it net mei iens binne moatte jo neame.

Foldocht it beswier net oan de easken, gjin need. Wy libje yn in rjochtssteat en de meiwurkers fan it ûnôfhinklike beswierkomitee dat jo beswierskrift behannelje sil, sil jo helpe om it beswierskrift juridysk yn oarder te krijen. Sy sille freegje wêrom’t it beswierskrift net op ’e tiid yntsjinne is en wat de reden fan it yntsjinjen is.

Ek is it net nedich om juridyske taal te brûken of om de grûnen fan it beswier te formulearjen yn rjochterlik jargon. Dêr binne ommers de juristen fan it beswierkomitee foar. Dus “it is net earlik en wy ha beswier” is mear as genôch.

Gewoanlik is de beslistermyn op in beswierskrift 6 wiken. Mar gemeenten en provinsjes stelle graach in advyskommisje yn om har advisearje te litten oer it beswierskrift (en dy oerheden folgje sa’n advys ek wol op, mar net altyd) en dan is de beslistermyn 6 + 6 = 12 wiken. Fan dy termyn fan 12 wiken kin allinne ôfwykt wurde as alle partijen it dêrmei iens binne.

Yn earste ynstânsje is dat net bard. De beswierskriftekommisje fan Deputearre Steaten hat de earste termyn fan seis wiken seis wiken langer makke, sûnder dat te motivearjen, en dat mei net. Mar it beswierskrift fan Sis Tsiis foldie net oan de formele easken en dat makket de proseduere faak langer. Yn twadde ynstânsje hat Sis Tsiis mei de beswierskriftekommisje ôfsprutsen om de beslistermyn út te stellen oant 5 oktober 2017.

Underwilens hat de beswierskriftekommisje frege wêrom’t it beswierskrift net yntsjinne is binnen seis wiken nei it bekend meitsjen fan de ‘Beleidsregel’ op 26 juny 2015. Sis Tsiis hat sein dat it bekendmeitsjen misliedend wie om’t suggerearre waard dat it ûnheffingsbelied binnen de wet wie en boppedat in tydlik ynstrumint wie mei in stimulearringsklausule sadat der hieltyd minder ûntheffingen oanfrege wurde soene. Krekt letter die bliken dat beide net it gefal binne.

Ek wiisde de beswierskriftekommisje derop dat jo hielendal gjin beswier meitsje kinne tsjin in beliedsregel, sadat, los fan it bûten de beswiertermyn gean, Deputearre Steaten net-ûntfanklik binne. Sis Tsiis hat sein dat it net om in beliedsregel yn de sin fan de wet giet om’t de ‘Beleidsregel’ dúdlik in oar doel en in oare útwurking hat.

Oerheden hawwe wol faker muoite mei it goed kiezen fan it type rjochtsbeslút foar har belied en in foarm te kiezen dêr’t gjin beswier tsjin mooglik is, is noflik, mar de rjochter giet dêr net samar mei akkoart.

Op dit stuit hifket de beswierskriftekommisje de antwurden op de fragen oer ûntfanklikens. Mar ûnderwilens is de datum foar de hearsitting al ôfsprutsen. Dat is tongersdei 5 oktober 2017. Hearsittingen binne iepenbier: jo binne fan herte wolkom! Wy hâlde jo op de hichte.

Advertisements
This entry was posted in Aksjes!. Bookmark the permalink.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s