Harksitting beswier tsjin ûntheffingen


Tongersdei 5 oktober, 13:30, Provinsjehûs

Yn maaie hat Sis Tsiis in beswier yntsjinne by Deputearre Steaten fan Fryslân. Sis Tsiis is it net iens mei it ûntheffingsbelied dat skoalbestjoeren frijstelt om les te jaan yn it ferplichte fak Frysk. Sis Tsiis is it net iens mei it net ymplemintearjen fan in lange rige fan ynternasjonale ferdraggen dy’t ta goed ûnderwiis yn de memmetaal ferplichtsje.

Underwiis yn de memmetaal is in minskerjocht. It kin net sa wêze dat Deputearre Steaten in minskerjocht fan tafel feit om’t De Haach yn ’e ûnderwiiswetten set hat dat Frysk in ferplicht fak is, dat is sa, mar dat der ûntheffingen komme moatte.

Oan sokke wetjouwing hawwe jo neat. Fryslân kin en moat nee sizze. Fryslân moat en kin it better dwaan as dat De Haach.

De hearsit fan de beswierskriftekommisje is iepenbier.
Jo kinne ús helpe om de beswierskriftekommisje derfan te oertsjûgjen dat de stap nei goed ûnderwiis yn it Frysk in lytsenien is:
erken de minskerjochten, jou ús ûnderwiis yn it Frysk.

Tongersdei 5 oktober 2017
fan 13:30 oant 14:15 oere
Yn it Provinsjehûs
Twibaksmerk 52, yn Ljouwert

Foar mear ynformaasje, mail sistsiis2016@gmail.com

Wy rekkenje op jo oanwêzigens!

 

Advertisements
This entry was posted in Aksjes!. Bookmark the permalink.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s