tsien punten ‘ûntheffingen’

NL: tien punten ‘ontheffingen’

Frysk is in ferplicht fak op skoallen yn it basisûnderwiis en yn ’e ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

Skoallen kinne, neffens de ûnderwiiswetten, in dielûntheffing foar it ferplichte fak Frysk freegje, “Bijvoorbeeld omdat er niet voldoende bevoegde leerkrachten zijn. Of omdat in de omgeving bijna niemand Fries spreekt.” (www.rijksoverheid.nl)

Provinsje Fryslân hat de ûntheffingen fêstlein yn in beliedsregel: alle skoallen yn it basis- en fuortset ûnderwiis moatte foar ein 2017 in lytsere of gruttere ûntheffing oanfreegje, fan gjin ûntheffing (Frysk lêzen en skriuwen leare) oant folsleine ûntheffing (gjin Frysk).

De funksje fan de ûntheffingen is dat “scholen gemakkelijker aan de kerndoelen Fries kunnen voldoen.” (taalplan.frl)

De kritearia foar takennen fan in lytsere of gruttere ûntheffing binne: de gemeente dêr’t de skoalle/skoalmienskip stiet, i.e. wurdt dêr mear/minder Frysk praat, en wat de skoalle docht en tinkt dwaan te kinnen oan it Frysk; de ûntheffing is fjouwer jier jildich.

De beliedsregel befettet gjin maatregel om it tal ûntheffingen foar it Frysk te ferminderjen nei fjouwer jier (‘groeimodel’) en gjin stimulâns, lit stean in ferplichting foar skoallen om yn ’e takomst mear oan it Frysk te dwaan. (Beliedsregel foar ûntheffingen)

In ‘groeimodel’, dat “het wenkend perspectief vormt” (Uitvoeringsplan Hert Holle Hannen), hat krekt ein 2018 in útgongspunt, nammentlik de jûne ûntheffingen sels, i.e. wat skoalle sizze oan it Frysk dwaan te sillen, mar noch net dien ha. (Uitvoeringsplan Hert Holle Hannen)

Der is gjin tafersjoch op it jaan fan Frysk op skoallen: de ûnderwiisynspeksje sil net dalik kontrolearje.

In eventueel ‘groeimodel’ ken gjin konkreet doel: “het lange termijndoel is dat de meeste Friese scholen zoveel mogelijk kerndoelen van het Fries weten te realiseren.” (Uitvoerings-plan Hert Holle Hannen)

In eventueel ‘groeimodel’ sil net jilde foar alle Fryske skoallen; mar inkeld en allinnich foar skoallen/skoalmienskippen dy’t yn gemeenten fêstige binne dêr’t neffens de Taaltatlas Frysk (dy’t net mear as in yndikaasje is) foldwaande Frysk praat wurdt. (Beliedsregel)

Provinsje Fryslân, ‘Beleidsregel voor het verkrijgen van ontheffing voor het vak Fries een het primair en voortgezet onderwijs’, Provinciaal Blad Nû. 3671, 26 juny 2015.

Download de tsien punten ûntheffingen as pdf

 

tien punten ‘ontheffingen’

Fries is een verplicht vak op scholen in het basisonderwijs en in de onderbouw van het voortgezet onderwijs.

Scholen kunnen, volgens de onderwijswetten, een deelontheffing voor het verplichte vak Fries vragen, “Bijvoorbeeld omdat er niet voldoende bevoegde leerkrachten zijn. Of omdat een de omgeving bijna niemand Fries spreekt.” (www.rijksoverheid.nl)

Provincie Fryslân heeft de ontheffingen vastgelegd in een beleidsregel: alle scholen in het basis- en voortgezet onderwijs moeten voor eind 2017 een kleinere of grotere ontheffing aanvragen, van geen ontheffing (Fries leren lezen en schrijven) tot volledige ontheffing (geen Fries).

De functie van de ontheffingen is dat “scholen gemakkelijker aan de kerndoelen Fries kunnen voldoen.” (taalplan.frl)

De citeria voor toekennen van een kleinere of grotere ontheffing zijn: de gemeente waar de school/scholengemeenschap staat, i.e. wordt daar meer/minder Fries gesproken, en wat de school doet en meent te kunnen doen aan het Fries; de ontheffing is vier jaar geldig.

>De beleidsregel bevat geen maatregel om het aantal ontheffingen voor het Fries te verminderjen na vier jaar (‘groeimodel’) en geen stimulans, laat staan een verplichting voor scholen om in de toekomst meer aan het Fries te doen. (Beleidsregel voor ontheffingen)

Een ‘groeimodel’, dat “het wenkend perspectief vormt” (Uitvoeringsplan Hert Holle Hannen),heeft pas eind 2018 een uitgangspunt, namelijk de gegeven ontheffingen zelf, i.e. wat scholen zeggen aan het Fries te zullen doen, maar nog niet gedaan hebben. (Uitvoeringsplan Hert Holle Hannen)

Er is geen toezicht op het geven van Fries op scholen: de onderwijsinspectie zal niet onmiddellijk controleren.

Een eventueel ‘groeimodel’ kent concreet doel: “het lange termijndoel is dat de meeste Friese scholen zoveel mogelijk kerndoelen van het Fries weten te realiseren.” (Uitvoeringsplan Hert Holle Hannen)

Een eventueel ‘groeimodel’ zal niet gelden voor alle Friese scholen; mar enkel en alleen voor scholen/scholengemeenschappen die in gemeenten gevestigd zijn waar volgens de Taaltatlas Fries (die niet meer dan een indicatie is) voldoende Fries gesproken wordt. (Beleidsregel)

Provinsje Fryslân, ‘Beleidsregel voor het verkrijgen van ontheffing voor het vak Fries een het primair en voortgezet onderwijs’, Provinciaal Blad Nû. 3671, 26 juny 2015.

Download de tien punten ontheffingen als pdf

 

Advertisements
This entry was posted in Ynfo/Research. Bookmark the permalink.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

w

Connecting to %s