Earste hobbel nommen!


Hjoed, yn de harksitting fan de beswierskriftekommisje fan de provinsje Fryslân, hat Sis Tsiis dúdlik útlein wêrom’t de provinsje der goed oan docht om te harkjen nei Sis Tsiis. Ek al is de termyn foar beswier tsjin de beliedsregel foar ûntheffingen fan ûnderwiis yn it fak Frysk neffens de spulregels al lang om. Ek al kinne jo neffens de spulregels fan it bestjoersrjocht gjin beswier meitsje tsjin beliedsregels. Ek al is Sis Tsiis neffens de spulregels gjin offisjele belangebehertiger fan skoallen dy’t ûntheffingen oanfreegje moatte. Want fûneminteel rjocht kin net kin altyd ferdigene wurde.

Stiene de ûntheffingen oan no ta yn it strieljend ljocht fan de langferwachte remeedzje tsjin it ferfal fan it ûnderwiis yn it Frysk, dat diskoers is trochbrutsen. De ûntheffingen sille fansels net liede ta fersterking fan de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis. De ûntheffingen sille meitsje dat skoalbestjoeren dy’t it belang fan ûnderwiis yn it Frysk net begripe koene of woene, befêstige wurde yn harren wjeraksjel: de provinsje sjocht it belang ommers ek net. En de ûntheffingen sille tsientûzenen skoalebern harren fûnemintele rjocht op ûnderwiis yn de eigen taal ûntnimme.

Deputearre Steaten kin net langer om de ûnwettigens fan harren ûnderwiisbelied hinne. De earste hobbel is dus nommen.

Wat no op de aginda fan Sis Tsiis stiet is it formalisearjen fan de boargeraksjegroep. As Sis Tsiis in stifting foar kollektive of algemiene belangen is, oftewol in belangebehertiger fan ûnderwiis yn it Frysk foar alle bern, dan kin Sis Tsiis tsjin eltse aparte ûntheffing dy’t jûn wurdt beswier meitsje. Mei alle kearen kâns dat dat beswier grûndearre achte wurdt. En mei wissens is Sis Tsiis dan in histoaryske pain in the ass foar Deputearre Steaten.

Sis Tsiis sil mei de fraksjes fan Provinsjale Steaten oerlizze oer hoe’t effektyf ûnderwiisbelied derút sjen moat. Ramtbetingsten foar sok belied binne dat oan alle bern yn Fryslân goed Frysk oanbean wurdt op skoalle. Allinne goed ûnderwiis foar bern yn guon gemeentes of allinne goed ûnderwiis foar bern út guon húshâldens, dy dêr’t Frysk praat wurdt, dat kin net. Underskied yn learoanbod op grûn fan blut & boden is ferbean en ûnderskied op thústaal falt allyksa ûnder diskriminaasje.

De ûntheffingesaak is al meld by it Kolleezje foar de Rjochten fan de Minske yn Utert. It Kolleezje kin helpe om de saak nei it Europeeske hôf foar de minskerjochten te bringen. Professor Ynternasjonale minskerjochten Yvonne Donders (Universiteit van Amsterdam) hat fersekere dat de saak fan Sis Tsiis in goede kâns makket. It benefterbliuwen yn it ymplemintearjen fan de ytlike ynternasjonale oerienkomsten dy’t ta goed ûnderwiis yn de eigen taal ferplichtsje, sil feroardiele wurde troch it hôf. Dan sille de Nederlânske oerheden twongen wurde om te dwaan wat se al desennia lang moatte: ûnderwiis yn it Frysk oanbiede oan alle bern yn Fryslân.

Advertisements
This entry was posted in Aksjes!. Bookmark the permalink.

One Response to Earste hobbel nommen!

  1. Sjieuwe Borger says:

    Goed wurk sis Tsiis, no ff hoekhâlde.

    Like

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s