Minskerjochten foar ûnderwiis yn ’e eigen taal – besteane dy wol??


Jawis! Sis Tsiis ‘oerdriuwt’ net. En dat rjocht kin ôftwongen wurde by de rochter.

It rjocht op ûnderwiis yn de eigen taal is foar it earst formulearre op de Paris Convention fan de Unesco yn 1951 (kêst 1.212). Underwilens is it opnommen yn in rige ynternasjonale ferdraggen, mear en minder binend, dy’t Nederlân ratifisearre hat en dy’t dêrtroch ek ferplichtsjend binne foar alle legere oerheden yn Nederlân.

Sis Tsiis hat faker te meitsjen hân mei it fan ’e hân wizen fan it bestean fan in minskerjocht op ûnderwiis yn, yn dit gefal, it Frysk. Meastal kenne de skeptisy lykwols wol de ynstruminten fan de Ried fan Europa yn Straatsboarch. Hja hawwe ek wol ris heard fan it Europeeske hôf fan de minskerjochten.

Mar wat de Ried fan Europa sa bysûnder makket is dat hja net allinne de beskerming fan de minskerjochten biede as dy skeint wurdt, troch it hôf, mar dat hja pro-aktyf de minskerjochten fuortsterkje: dêr binne it hânfêst en it ramtferdrach foar. It binne ynstruminten foar “promoting of the human rights”.
Jo kinne dat fine op de webside fan de Ried fan Europa (www.coe.int) en ek yn ’e konsiderânsen fan de ynstruminten. Yn alle gefallen binne hânfêst en ramtferdrach doelberet opsteld as sprekbuizen fan de universele minskerjochten.

De fraach is hoe juridysk binend oft de universele minskerjochten binne. Kinne jo sokke rjochten ôftinge by de rjochter? Kin Sis Tsiis it rjocht op ûnderwiis yn it Frysk opeaskje?

Dy fraach, binne de minskerjochten binend, hat Sis Tsiis foarlein oan professor International Human Rights and Cultural Diversity Yvonne Donders (Universiteit van Amsterdam). Se binne absolút binend! Prof. Donders woe hast net leauwe dat it bestean kin dat yn Fryslân it ûnderwiis yn ‘e eigen taal net goed regele is.

Professor Donders tinkt dat de saak fan Sis Tsiis in goede kâns makket by it Europeesk hôf fan de minskerjochten.

 

Advertisements
This entry was posted in Ynfo/Research. Bookmark the permalink.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s