Earste oerlis mei deputearre Sietske Poepjes


Hoewol’t de deputearre fan ûnderwiis, Sietske Poepjes, net op it fersyk fan Sis Tsiis om in iepenbiere gearkomste yngean koe, om’t har keamer te lyts is (foar iepenbierens), hat Sis Tsiis op tongersdei 19 oktober in oerlis hân.

De útkomst fan it petear is dat de deputearre
tasein hat dat hja juristen útsykje litte sil op hokker wize oft it minskerjocht op ûnderwiis yn de eigen taal yn Fryslân ymplemintearre wurde kin
as dêr in rapport oer is, wat in jier duorje kin, in expert meeting organisearret oer de ympleminetearring fan it minskerjocht op ûnderwiis yn it Frysk, foar Provinsjale Steaten en alle belanghawwenden en it publyk
de aktiviteiten fan Sis Tsiis dy’t it doel hawwe fan brede bewustmeitsjen fan it fûnemintele rjocht fan alle bern yn Fryslân goed ûnderwiis yn it Frysk, lykas de Frysk-is-in-bernerjocht!-doarpskuiers dy’t yn novimber 2017 har beslach krije sille, ûnderstypje kin mei jild it it Lân fan Taalprojekt
Sis Tsiis sil in nij oerlis hawwe yn desimber 2017.

Foar it meastepart bestie dit earste oerlis fan Sis Tsiis mei de deputearre út it ynformearjen fan de deputearre. Dat sok ynformearjen needsaaklik bliuwt die byglyks bliken út in kranteberjocht fan in wike lyn, dat de deputearre it ûnderwiis yn it Frysk yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis net ferplicht meitsje wol. Lykwols kin in deputearre gjin wetten, regels of ferplichtsjende ynstruminten meitsje en is ûnderwiis yn it Frysk gewoan wetlik ferplicht yn ’e ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

Oangeande it ûnderwiis hat Sis Tsiis útlein dat
ûnderwiis yn it Frysk in ferplichting is; in bestjoerder dy’t it Frysk net in ferplicht fak neamt hannelet yn striid mei de wet
in ‘kearndoel’ yn it ûnderwiis it oanbod fan in skoalle bepaalt, nammentlik in kearndoel leit fêst wat de ynspanningsferplichting fan in skoalle wêze moat; mei de skatte takomstige prestaasjes fan in beskate groep learlingen hat it neat te meitsjen, mei oare wurden: kearndoelen reflektearje saken dy’t fan grut belang binne foar alle learlingen
dat ‘differinsjaasje’, oftewol it omgean mei ferskillen tusken learlingen it hiel âlde praktyk is om’t bern no ienris net identyk binne, en dat de enoarme ekspertise dy’t opdien is mei differinsjaasje ûntheffingen op skoalnivo folslein oerstallich en kontraproduktyf meitsje: guon learlingen leare minder as dat hja leare kinne troch in winsklik—en ferplicht!—learoanbod foar harren ûntagonklik te meitsjen
dat aparte lesoeren foar it fak Frysk sûnder it brûken fan it Frysk yntegraal op te nimmen as skoalfiertaal, nea liede kin ta in bettere posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis noch de maatskippij; dat is it grutte manko fan digitaal ûnderwiis-materiaal—sa bliuwt it Frysk ivich firtueel en it Nederlânsk as fan âlds ‘reality’.

Op de wurklist fan it nije oerlis stiet wat net oan ’e oarder kommen is:
de earnstisch mankearjende demokrasy op it mêd fan ûnderwiis yn it Frysk, nammentlik Provinsjale Steaten wurdt net by it jaan fan de ûntheffingen belutsen en net iens pro-aktyf op ’e hichte holden
de strieminne ynformaasjefoarsjenning oer de ûntheffingen
de misliedende propaganda oer de ûntheffingen, bygelyks: der bestiet gjin “taalplan” en “draachflak” is eat dat ûntstiet as der goede redenen binne foar belied, lykas in minskerjocht, dus jou no ris dy goede reden
it belang fan it útskriuwen en tagonklik publisearjen fan it ûnsichtbere Deltaplan Frysk
it publisearjen fan de skatting fan it tal fan fakatueres yn it ûnderwiis yn it Frysk
it publisearjen fan it plan foar it opfoljen fan dy fakatueres (spoiler-alert: dat plan bestiet net)
it folslein ûntbrekken fan ynformaasje oer it wetlike ramt oan skoalpersoniel: witte hja wol dat de ûntheffingen yllegaal binne?
ynstee fan moai waar te spyljen it belûken fan de Rie fan Europa (en eventueel de nije minister fan Underwiis) by it ymplemintearjen fan de minskerjochten, de Europeeske ferdraggen en de wetten

Wat Sis Tsiis oer Sis Tsiis sein hat is it dit.
* Sis Tsiis eftergrûn
Sis Tsiis is net ideologysk.
Sis Tsiis folget gewoan it moderne steatsnasjonalisme dat yn Nederlân wisânsje is sûnt Willem I: formeel steatsboargerskip. Sis Tsiis is fan betinken dat alle minsken dy’t ûnder it bestjoer en rjocht fan in naasje of oare ienheid falle lykweardige boargers fan dy ienheid binne.
Sis Tsiis ûnderstipet de represintative demokrasy sa’t wy dy al hiel lang hawwe, mei skieding fan wetjaande en kontrolearjende macht, geregeldwei frije ferkiezingen, frijheid fan ekspresje, gearkomste en debat fan alle boargers, in ûnôfhinklike parse en iepenbierens fan bestjoer.
Sis Tsiis giet út fan it sosjaalliberaal-egalitaristysk perspektyf dat yn Nederlân fan krêft is: watfoar wetten en beliedsmaatregels foar taalgebrûk en taalfuortsterking binne dan mooglik?
Sis Tsiis hat de filosofy dat minskerjochten rêze op moreel universalisme en it leauwe yn it bestean fan in wiere morele mienskip fan alle minsken; moreel universalisme ûnderstelt it bestean fan mei de rede oanwiisbere transkulturele en transhistoaryske morele wierheden.
Sis Tsiis hâldt dêrom dizze definysje fan minskerjochten oan: Minskerjochten wurde geregeldwei opfette as universeel yn dy sin dat alle minsken harren hawwe en genietsje moatte, en as ûnôfhinklik yn dy sin dat se bestean en beskikber binne as mjitst fan rjochtfeardiging en krityk, oft se no wol of net erkend binne en ymplemintearre troch it wetlike systeem of machthawwers yn in lân. (Nickel, 1992:561-2)

Ut it boppeneamde folget dat Sis Tsiis neat wol dat radikaal of sels mar bysûnder is. Sis Tsiis trúnt oan op wetshanthaving en hifkjen fan wet, belied en hanneljen oan de minskerjochten.

* Sis Tsiis doelen
Sis Tsiis wiist de ynfiering fan offisjele ientaligens ôf.
Sis Tsiis wiist ek it direkt en yndirekt befoardieljen fan ientaligens ôf.
Sis Tsiis sjocht offisjele twataligens as folsleine lykberjochtiging en lykweardigens fan twa talen.

* Sis Tsiis strategyen
Sis Tsiis is en bliuwt in brede net-ôfbeakene beweging fan boargers.
De kollektive aksje fan Sis Tsiis krijt syn belach net yn in ynstitúsjonalisearre kontekst, mar Sis Tsiis stimulearret yndividuele aksje.
De bining mei de beweging is net troch in formalisearre struktuer, mar op grûn fan de wil ta politike en kulturele feroaring.
Sis Tsiis wurket oan in gearhingjend ambisjeus programma, yn oparbeidzjen mei maatskiplike en politike organisaasjes en persoan.
As Sis Tsiis stil is en non-violent is dat gjin passiviteit; it is direkte aksje yn de foarm fan selsdissiplinearring, geduld, besieling en stúdzje.
Sis Tsiis basearret syn stânpunten en oanrikkemendaasjes oer de te nimmen promosjonele stappen dy’t liede kinne ta in bettere ymplemintaasje fan de minskerjochten oangeande it brûken en learen fan de eigen taal op akseptearre wittenskip en robúste ûndersyksbefiningen.

 

Advertisements
This entry was posted in Aksjes!. Bookmark the permalink.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

w

Connecting to %s