Beswierskrift: net ûntfanklik

Op 12 maaie 2017 hat Sis Tsiis by Deputearre Steaten fan Fryslân in Beswierskrift yntsjinne tsjin it ûnheffingsbelied fan it provinsjebestjoer. Dat ûntheffingsbelied regelet dat skoalbestjoeren in (diel)ûntheffing oanfreegje moatte foar it jaan fan it ferplichte fak Frysk.

De beswierskriftekommisje fan de provinsje Fryslân hat nei de harksitting konkludearre dat it beswier fan Sis Tsiis tsjin it ûntheffingsbelied net ûntfanklik wie en dus net troch de bestjoersrjochter ynhâldkik besjoen wurde koe.

De redenen foar net-ûntfanklikens neffens de beswierskriftekommisje wiene
De termyn foar it beswiermeitsjen is seis wiken fan it bekendmeitsjen fan it beslút ôf; Sis Tsiis hat syn beswier net binnen dy seis wiken makke.
Sis Tsiis is gjin belanghawwende: Sis Tsiis hat net in belang dat streekrjocht troffen wurdt troch it beslút en Sis Tsiis is (noch) gjin rjochtspersoan dy’t it algemien en kollektive belang fan goed ûnderwiis yn it Frysk ferdigenje kin.
Tsjin in beliedsregel as sadanich kin gjin beswier makke wurde, alteast net binnen it bestjoersrjocht.

Download hjir it advys fan de beswierskriftekommisje oan Deputearre Steaten.

.

Op 11 oktober hat Sis Tsiis hat Deputearre Steaten fersocht om nettsjinsteande it (te ferwachtsjen) advys fan de beswierskriftekommisje, it beswierskrift fan Sis Tsiis troch te stjoeren nei de bestjoersrjochter, om it ynhâldlik te beoardieljen, op grûn fan kêst 7:1a Algemiene wet bestjoersrjocht.
Deputearre Steaten hawwe dat fersyk ôfwiisd.

Download hjir it fersyk fan Sis Tsiis om it beswier troch te stjoeren nei de rjochter.
Download hjir de ôfwizing fan DS fan it fersyk om it beswierskrift troch te stjoeren.

.

Op 14 novimber 2017 hawwe deputearre Steaten it advys fan de beswierskriftekommisje opfolge en it beswier fan Sis Tsiis net-ûntfanklik ferklearre.

Download hjir it beslút fan Deputearre Steaten om it beswierskrift net ûntfanklik te ferklearjen.

 

Advertisements
This entry was posted in Aksjes!. Bookmark the permalink.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s