Twadde oerlis Sis Tsiis mei deputearre Poepjes: provinsjaal minskerjochteûndersyk fan de baan

Yn oktober advisearre de beswierskriftekommisje fan de provinsje Fryslân om it beswier fan Sis Tsiis tsjin de ûntheffingen net ûntfanklik te ferklearjen. Sis Tsiis koe derfan útgean dat Deputearre Steaten it advys opfolgje soene: dat hja it beswier net nei de bestjoersrjochter trochstjoere moasten om it ynhâldlik te besjen. Mei oare wurden, dat hja it beswier neist har dellizze koene.

Hifkjen fan belied is sinleas

Likegoed stelde dernei de deputearre fan Underwiis, Sietske Poepjes, yn in earste petear mei Sis Tsiis út om de ûntheffingen te hifkjen oan de minskerjochten. In minskerjochtejurist soe dat dwaan kinne. Ein novimber hat de deputearre Sis Tsiis belutsen by it formulearjen fan de fraachstelling foar sa’n jurist. Sis Tsiis waard net belutsen by it selektearjen fan de jurist dy’t it ûndersyk útfiere soe, mar de deputearre neamde dy jurist mei klam, op ferskate plakken yn de kommunikaasje, “ûnôfhinklik”. Sis Tsiis krige ien wike de tiid om syn oanpassingen út te stellen oan de konseptfraachstelling, dy’t sa wie: “Is de Beleidsregel in overeenstemming met het Europees Handvest voor regionale talen of talen van minderheden en andere voor Nederland bindende normen van internationaal recht (…)?”

Foar Sis Tsiis, dy’t in losse samling fan krityske boargers is sûnder jild en kontakten, is in limyt fan sân dagen ûnmooglik; Sis Tsiis komt foar pro bono-advys fan in minskerjochter op de wachtlist. Sis Tsiis hat de deputearre andere dat Sis Tsiis gjin oanpassingen útstelle kin sûnder saakkundich advys en him net sette kin efter de konseptfraachstelling lykas útsteld troch de deputearre. Dat is om’t Sis Tsiis gjin belang hat by in efterôf rjochtfeardigjen (of feroardieljen) fan belied en besluten dy’t út dat belied folgje. Sis Tsiis siket om in standert foar in ûnderwiispraktyk dêr’t alle partijen, oerheden en ek private organisaasjes lykas skoallen, har belied en hannelingen op ôfstimme kinne.

It juridysk advys oan Sis Tsiis, dat in wike letter kaam, wie om net op te arbeidzjen mei Deputearre Steaten oan it ûndersyk by harren minskerjochtejurist. In minskerjochtejurist ûndersiket nammentlik altyd in praktyk; in minskerjochtejurist ûndersiket nea belied, los fan syn útfieren. In beliedsregel foarlizze oan in minskerjochtejurist is apart.

Sûnder oparbeidzjen gjin ûnderwiis yn it Frysk

It twadde petear fan Sis Tsiis mei de deputearre hie dêrom as doel om de deputearre derfan te oertsjûgjen dat jo yn in situaasje mei in sterk ûnderdrukte minderheidstaal it net foarinoar krije om it minskerjocht op ûnderwiis yn ’e memmetaal te aktualisearjen, as jo dat net mei syn allen dogge. It belangeferskil tusken Sis Tsiis, as fertsjintwurdiger fan de boargers, oan de iene kant en Deputearre Steaten oan ’e oare kant te beneierjen as in bedriuwskonflikt dêr’t in “ûnôfhinklike” rjochter syn profesjoneel oardiel mar oer jaan moat, bringt ús net fierder.

Wat Sis Tsiis wol is it oparbeidzjen fan de deputearre by it promoatsjen en útfieren fan it fûnemintele rjocht op ûnderwiis yn de eigen taal. Dat opkommen foar it fûneminteel rjocht omfettet ek it strategysk prosedearjen oer it benefterbliuwen yn it útfieren fan dat rjocht. It eindoel is dat it minskerjocht it útgongspunt is foar it ûnderwiis yn it Frysk.

Deputearre Poepjes hat har oparbeidzjen mei Sis Tsiis tasein. Sis Tsiis is dêr hiel wiis mei.

It ûndersyk fan Deputearre Steaten nei it ûntheffingsbelied en de minskerjochten wie, neffens de deputearre, bedoeld om Provinsjale Steaten dúdlikheid te jaan oer de juridyske details fan it belied (wat kin de provinsje ôftwinge en bestraffe en wat net) en om amtners dy’t net om lyk wolle te konfrontearjen mei in kleare ynstruksje.

De deputearre wol it ûntheffingsbelied gjin ûntheffingsbelied mear neame. De offisjele namme fan it ûntheffingbelied is “Beleidsregel voor ontheffingen”, beliedsregels bestean yn it bestjoersrjocht foar it jaan fan fergunningen en ûntheffingen en de rykswet neamt de ûntheffingen om dy reden ûntheffingen. Om’t Sis Tsiis gjin fersin ûnstean litte wol, kontinuearret Sis Tsiis it oantsjutten fan de ûntheffingen fan it jaan fan it ferplichte fan Frysk as ûntheffingen.

De deputearre is fan betinken dat it belied dúdlikheid jout oer de stân fan saken oangeande it Frysk op skoalle. Hja hat net útlein wêrom’t in ynventarisearring sûnder ûntheffingen net deselde of sels folle gruttere dúdlikens jout, om’t yn in ynventarisearring mei ûntheffingen de winsken foar en ideeën oer de takomst fan de skoalbestjoeren meinommen wurde, ynstee fan allinne de aktuele praktyk. Ek seit de deputearre dat it ûntheffingsbelied echt wat opsmite sil, om’t it belied oanslút op audits by alle skoalbestjoeren; it is belied basearre op kennis.

Erkenning fan de taalminskerjochten en politike wil

De deputearre sjocht dus it net jaan fan it ferplichte fak Frysk as in kennis- en technykprobleem, ynstee fan in polityk probleem. Neffens Sis Tsiis hat it ynstellen fan goed ûnderwiis yn de Fryske taal lykwols gjin ferlet fan kennis—en seker gjin befoarrjochte saakkundigens by Deputearre Steaten—mar yn it alderearste plak fan erkenning fan de linguistic human rights en dêrneist fan in demokratyske útfiering fan dy fûnemintele rjochten op it mêd fan ûnderwiis. By it ymplemintearjen moat net allinne mar nei de winsken fan skoalbestjoeren harke wurde, mar just altyd nei de neden fan Fryske boargers dy’t leden binne fan in minderheidsgroep, nei wa’t dus histoarysk amper harke is. It binne net de sifers dy’t misten foar rjochtfeardich belied; it mankearret oan politike wil.

De deputearre wiist, sa hat hja sein, mei krêft de draachflakklausule yn de ûnderwiiswetten fan de hân, nammentlik it de eask dat kearndoelen Frysk draachflak hawwe by de skoalbestjoeren. Mar de deputearre wurket wol mei de draachflakbetingst.

De deputearre hâldt, seit hja, ek rekken mei de Fryskpratende bern yn Grinslân en har rjocht op ûnderwiis yn it Frysk. Hoe’t hja dat dwaan wol, as deputearre fan inkeld de provinsje Fryslân, hat hja net útlein.

Download hjir de Sis Tsiis Notysje taalminskerjochten en ûnderwiis, desimber 2017

Advertisements
This entry was posted in Aksjes!. Bookmark the permalink.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s