Deputearre Poepjes wol ûndersyk nei Fryskpraten as minskerjocht “as stôk nei De Haach”

Hoewol’t “De Haach” hieltyd wer syn ymmúniteit sjen litten hat foar stokken oer, lykas de evaluaasjes fan it hânfêst foar minderheidstalen, is Sis Tsiis wiis mei it inisjatyf fan deputearre Poepjes. Wy sille geregeldwei freegje wat de stôkeffekten binne.
Fierder sit it sa…

– – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – –

Geen onderzoek naar Fries als mensenrecht

Maria Del Grosso, Leeuwarder Courant, 15 jannewaris 2018 <www.lc.nl/friesland/Geen-onderzoek-naar-Fries-als-mensenrecht-22819975.html>.

Een juridisch onderzoek naar onderwijs in de Friese taal als mensenrecht komt er niet.

Dat zegt Friduwih Riemersma van de actiegroep Sis Tsiis, die strijdt tegen het grote aantal ontheffingen op scholen voor het lesgeven in de Friese taal. Het onderzoek had moeten uitwijzen hoe die ontheffingen staan in relatie tot het recht op je moedertaal.

Meedenken
In een gesprek met de provincie was een dergelijk onderzoek in oktober toegezegd, meldde Riemersma toen. Een mensenrechtenjurist zou volgens gedeputeerde Sietske Poepjes naar de zaak kijken.

Sis Tsiis mocht meedenken over de vraagstelling. De actiegroep kreeg een week de tijd om met een reactie te komen. „In limyt fan sân dagen is ûnmooglik foar in losse samling fan krityske boargers sûnder jild en kontakten”, schrijft Riemersma.

Deskundig advies inwinnen in zo korte tijd, was niet te realiseren. Toen Sis Tsiis dat advies later kreeg, werd hun aangeraden niet samen te werken met gedeputeerde staten en hun jurist. Zo’n jurist onderzoekt alleen de praktijk, terwijl Sis Tsiis het beleid onderzocht wil zien. Volgens Riemersma heeft Poepjes het onderzoek daarna ingetrokken.

Gebrek aan kennis en techniek
De redenatie van de gedeputeerde zou volgens Riemersma zijn dat er duidelijkheid is over de status van het Fries op school, mede door het ontheffingenbeleid en dat het probleem niet op het politieke vlak ligt, maar aan het gebrek aan kennis en techniek.

Sis Tsiis blijft van mening dat adequaat onderwijs in het Fries begint bij het erkennen van de moedertaal als mensenrecht.

Twee onderzoeken naar Fries als recht

Maria Del Grosso, Leeuwarder Courant, 15 jannewaris <www.lc.nl/friesland/Twee-onderzoeken-naar-Fries-als-recht-22823796.html>.

Twee juristenorganisaties onderzoeken of het Fries als mensenrecht te beschouwen is. De lezing van Sis Tsiis dat de provincie ervan afziet, klopt niet, zegt gedeputeerde Sietske Poepjes.

Zij vermoedt dat er verwarring is ontstaan omdat de provincie de actiegroep Sis Tsiis de vrije hand heeft gegeven een eigen onderzoek in te stellen. Dat wil niet zeggen dat onderzoek door de provincie van de baan is. Hiervoor is het advocatenkantoor AKD uit Amsterdam ingeschakeld. De AKD-advocaten maken een juridische analyse door vooral in de boeken te duiken. Poepjes zegt, net als Sis Tsiis, te hopen en te verwachten dat het spreken van Fries als mensenrecht beoordeeld wordt. „Dan ha wy in konkreet punt om as stok nei De Haach te brûken.”

‘Te veel vrijstellingen’
Poepjes meldt dat Sis Tsiis in de gesprekken met de provincie met een juridisch kantoor kwam. „Doe seinen wy: we dogge én én. Sy kinne wat ús oanbelanget ek finansjele stipe krije.” Zij weet niet of het eigen onderzoek van Sis Tsiis al gestart is. De actiegroep steekt veel tijd in het formuleren van de vraagstelling. Aan de vraagstelling van het bureau dat voor de provincie werkt, heeft Sis Tsiis ook bijgedragen.
De actiegroep vindt dat er op school te veel vrijstellingen worden gegeven voor de verplichting om Fries te geven. Zo pak je kinderen het recht af hun moedertaal te spreken.

– – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – –

It sit sa…

Op 19 oktober 2017 hat de deputearre fan ûnderwiis, Sietske Poepjes, Sis Tsiis oanbean om mei-inoar, provinsje & Sis Tsiis, in ûndersyk út te fieren nei de krekte ferankering fan it ûnderwiis yn it Frysk yn de minskerjochten. Op 27 novimber 2017 hat ûnderwiisamtner Harmen Akerboom doe oan Sis Tsiis útlein (mei email): “In pear wiken lyn hawwe wy yn it petear mei de ûnôfhinklik jurist, it dossier oangeande it Frysk ûnderwiisbelied wiidweidich mei him bepraat. Wy hawwe alle stikken dy’t by dit dossier hearre, ynklusyf de ynbring fan Sis Tsiis, oan him foarlein en tastjoerd.” Akerboom sei derby dat dy jurist, fan wa’t de namme net neamd wurdt, “sjen sil nei de Beliedsregel yn relaasje ta it ynternasjonale rjocht en guon ferdraggen yn it bysûnder.”

Doe’t Sis Tsiis meidwaan mocht stie dus al fêst wa’t de jurist wie. Ek wie it doel no it hifkjen fan belied. Sis Tsiis hat der neat oan dat steand belied noch ris hifke wurdt en siket in útspraak dy’t in standert set foar hanneljen fan publike en private partijen yn de takomst. Nei’t Sis Tsiis de deadline dy’t Deputearre Steaten stelde oan it formulearjen fan in juridyske ûndersyksfraach net helje koe, en om dy reden net meidwaan koe oan it ûndersyk, krige Sis Tsiis in negatyf juridysk advys: net oanheakje by it juridyske ûndersyk fan de deputearre, want minskerjochteadfokaten ûndersykje gjin belied, los fan oft dat útfierd wurdt.

Doe’t Sis Tsiis op 14 desimber 2017 syn teloarstelling útspruts nei de deputearre, oer de net-ôfsprutsen betingsten foar in mienskiplik ûndersyk en de lege kwaliteit fan de ûndersyksfraach, andere de deputearre dat it ûndersyk dat hja ynstelle woe bedoeld wie om mei de útkomst dúdlikens en oarder te bieden oan de amtners en Provinsjale Steaten. Oer de stôk nei De Haach hat de deputearre it net hân; wol hat se Sis Tsiis ôfret om de lobby yn de Twadde Keamer (foar ûnderwiiswetswiziging) yn te setten, om’t hja soks typysk in taak achte foar de provinsje en Sis Tsiis yn oparbeidzjen. Ek hat hja Sis Tsiis gjin jild oanbean foar in juridysk ûndersyk en Sis Tsiis hat dêr net om frege.

It kantoar dêr’t deputearre Poepjes har juridysk ûndersyk by útset hat, AKD, is mei hast 250 adfokaten, notarissen en belestingadviseaurs in grutte en ynternasjonale “full service” juridysk en fiskaal adviseur, benammen foar saaklike belangen. Se dogge fanalles en binne yn 2016 troch it renomearre faktydskrift The Laywer útroppen ta Law Firm of the Year: Benelux 2016, mar hja wurde net neamd as minskerjochteksperts. Neffens de krante lit de deputearre dêr by AKD útsykje oft it praten fan Frysk in minskerjocht is, net it ûnderwiis yn it Frysk. Wat it twadde ûndersyk is dat de deputearre útfiert is by Sis Tsiis net bekend.

Sis Tsiis hat ferline jier professor Yvonne Donders rieplachte foar in list fan minskerjochten dy’t fan belang binne foar it ûnderwiis yn it Frysk. Dat hiel beheinde foarûndersyk sil no oanfolle wurde mei ûndersyk nei de ynternasjonale wetlike ynstruminten en kêsten dy’t ûnderwiis yn de eigen taal garandearje en relevant binne foar it Frysk, in ûndersyk dat útfierd wurdt troch in lawclinic oan ien fan de Nederlânske universiteiten. Sis Tsiis hat gjin ûndersyksfraach formulearre, want Sis Tsiis mist de ekspertise om in rjochter of heechlearaar yn it minskerjocht te fertellen hoe’t er syn wurk dwaan moat.

This entry was posted in Nijs. Bookmark the permalink.

Leave a comment