Teloarstelling rûnom: Taalplan Frysk presintearre oan Steatekomitee Frysk

Yn it fragekertierke soene gjin politike fragen steld wurde kinne, warskôge de Steatekomiteefoarsitter fan tefoaren, allinne fragen om “opheldering”. Dat is in aparte eask oan provinsjale steateleden, dy’t dêr just sitte yn de funksje fan politikus, om oer de politike wearden te ûnderhanneljen. Mar technokrasy is wat it provinsjebestjoer neistribbet: besluten wurde nommen troch minsken dy’t oanwiisd binne op basis fan wittenskiplike ekspertise op it mêd en net troch it demokratysk proses. Dus kaam der in ûndersyk nei wat de skoallen yn Fryslân dogge en dwaan wolle oan it Frysk, it projekt ‘Taalplan Frysk’ dêr’t de provinsje Fryslân it inisjatyf ta naam. De útkomst fan it ûndersyk, de “nulmjitting” neamd, is it útgongspunt foar belied dat soargje moat dat de skoallen yn Fryslân mear oan it ûnderwiis yn it Frysk dogge.

Want dat is it eindoel, sei Kultuer, Taal en Underwiisamtner Harmen Akerboom: alle skoallen in A-profyl. Oftewol, gjin ûntheffingen mear fan it jaan fan it ferplichte fak Frysk.

Goodymapke

De ôfrûne twa jier binne alle skoallen fan Fryslân besocht, fertelden de útfierders fan it ûndersyk, Albert Walsweer en Nynke Anna Varkevisser fan ECNO / Lectoraat Taalgebruik en Leren NHL. It doel wie in “realistysk” byld te krijen fan it oanbod oan Frysk op skoallen. Dernei is it Frysk metten “yn relaasje ta de kontekst” en it “taalreferinsjeramt”. Dêrta binne de skoaldireksjes “holpen” mei it ynfoljen fan in fragelist. De fragelist omfette de oanfraach foar in profyl foar it jaan fan it fak Frysk. De profilen dêr’t skoallen út kieze kinne binne “basearre op” de formele kearndoelen, dus op wat de ûnderwiiswetten sizze dat de skoallen oanbiede moatte oan ûnderwiis yn it Frysk. De profilen ymplisearje in foarm fan (diel)ûntheffing fan it fak Frysk. Mar Akerboom ûnderstreket dat ûntheffing gjin adekwate namme is, ek al sizze de Wet op it primêr en de Wet op it fuortset ûnderwiis (kêst 4, resp. 11e) beide ‘ûntheffing’. Alle oanfragen fan de ûntheffingen binne no binnen.

De ûntheffingen binne lykwols noch mar foar in part jûn. Noch net oer alle oanfragen is beskikt. De “nulmjitting” kin dus noch net presintearre wurde; wy moatte wachtsje oant it rapport der is en dat is krekt yn juny. De foarriedge sifers binne dat 28 persint fan de basisskoallen gjin ûntheffingen oanfrege hawwe en oant no ta is 27 persint fan de beskikkingen in A-profyl dus gjin ûntheffing. Fan de beskikkingen foar skoallen yn it fuortset ûnderwiis is 44 persint in A-profyl. Alle oare skoallen hawwe in lytsere of gruttere dielûntheffing of in folsleine ûntheffing; rekkenje yn it basisûnderwiis op 70 persint fan de skoallen mei in type ûntheffing fan it ferplichte fak Frysk, in ûntheffing dy’t fjouwer jier jildich is. In stimulâns om it tenei better te dwaan mei it jaan fan Frysk wie der yn de foarm fan in “Goodymapke” fan de ûndersikers, sadat skoallen yn ’e kunde komme mei oanpakken dy’t “mooglik” binne. Ek like it ynfoljen fan de fragelist it ûnderwiis yn it Frysk “op de aginda” fan de skoallen te krijen en boppedat like konkurrinsje tusken skoallen in prigel om wat mear oan it Frysk te dwaan, dus de “ambysjes” fan de skoallen like te wurkjen as stimulâns ta ferbettering.

Utsjoen

Sis Tsiis mocht gjin fragen stelle op de gearkomste. Guon fragen binne gelokkich wol steld troch it Steatekomitee. Yn it earste plak wie dat de fraach nei it wêrom. Belied, of hokker yngreep ek, hat net sasear ferlet fan it kennen fan it wat, mar fan it witten fan it wêrom fan in situaasje. It is it oanwize kinnen fan de blokkades dy’t meitsje dat guon skoallen wol Frysk oanbiede kinne en wolle en oare, hiel ferlykbere skoallen net, wat it paad nei oplossingen wiist. Persintaazjes ûntheffingen litte gjin oplossing sjen, dus it is apart dat dit ûndersyk him rjochte op mjitten fan wat sûnder wêrom. Wat de blokkades binne is ek net samar sichtber troch “de grutte fariaasje” oan faktoaren, sei Walsweer. Mar neffens Varkevisser kamen trije trends wol nei foaren. Earst hawwe net alle learkrêften in foech foar it Frysk en doare net alle learkrêften Frysk te jaan nettsjinsteande har foech. Twad binne skoallen “útsjoen” op de metoade; dy is no fernijd, der is no Spoar8 dat folslein digitaal is mar net alle skoallen kinne digitaal wurkje. Tred wurket de (útlânske) eftergrûn fan bern en temin yn oanrekking komme mei it Frysk tsjin.

Opfallend is dat de ûnderstelde oarsaken alle trije net polityk fan aard binne. Ferbusterjend is dat “útsjoen” in rjochtfeardiging wêze mei om neat mear oan it fak te dwaan, bygelyks oan rekkenjen as men útsjoen is op al dy sifers, en dat it Steatekomitee it neilit om in fraach te stellen, of sels om te freegjen oft “moaie” metoaden ek effektive metoaden binne.

De foarsitter frege nei de jildigens fan de ûntheffing fan fjouwer jier, sadat de ûndersteld stimulearjende wurking dy’t fan ’e evaluaasjepetearen mei de skoallen útgiet allang wer útdôve is. Moatte jo net faker oanklopje? Mar “it tiidrek fan fjouwer jier is al unyk foar Fryslân,” sei Walsweer, as soe unisiteit de beskiedende reden west ha foar it prippen fan de fjouwer jier, en men seach al in ferskowing yn attitude foar it Frysk oer en oare inisjativen as gewoane lessen.

Wêr’t wy lykwols hinne moatte is substanjeel ûnderwiis en dan liket in ûntheffingsduer fan langer as ien jier riskant om’t jo skoallen leare te trênearjen.

In oare relevante fraach wie nei it mjitten op skoalnivo, want de skoalpopulaasje ken in grut ferskaat, dus wêrom net op learlingnivo. Mar dat wie simpelwei net de opdracht. Wêrom gjin ûntheffingen foar learlingen dy’t dêrom freegje, wie de fraach dy’t net útbliuwe koe. Walsweer andere: “As jo dat der troch krije…” Dy reaksje in min oars út te lizzen as: om’t it polityk net te dwaan is om in ûnheffing op learlingnivo te dwaan dogge wy it mar op skoalnivo, mei stipe út De Haach.

Realisme

Fragen dy’t lizzen bleaune wiene om te begjinnen nei de wet. Walsweer suggerearre dat de wet net in goed útgongspunt is om’t der om it ûnderwiis yn it Frysk hinne in kultuer groeid is en dêr moatte jo fan útgean.

Dêrmei ferbûn is it “realisme”, in wurd dat in kear of wat neamd is: inkeld in realistyske beneiering soe it ûnderwiis yn it Frysk opbetterje kinne, dat it der sa min foar stiet komt om’t wy ûnrealistysk wiene. Dus wie no de opdracht om in “realistysk” byld te jaan fan it ûnderwiis yn it Fysk op de skoallen. Mar in byld fan wat, as ommers de ûndersikers meiholpen hawwe om de fragelisten yn te foljen: wat krekt werspegelje de antwurden dan noch?

Polityk realisme—dat yndie net de wetten erkent as realiteit, mar de ûnferbetterlike natuer fan minsken—soe goed ûnderskied meitsje moatte tusken opiny/skyn en wierheid, mar wat betsjut “basearre” op formele kearndoelen? Want in middelbere skoalle mei in A-profyl, dus sûnder ûntheffingen, leart de skoalbern om oant tsien te tellen en de dagen fan de wike op te sizzen; de leardoelen binne op gjin inkelde manier ferlykber mei de leardoelen fan it Nederlânsk. Wêr bliuwt de lykberjochting en lykweardigens mei it Nederlânsk? Sil realisme en it net sa nau nimmen mei de wet echt bringe wat it taseit, better ûnderwiis?

Tusken de ierappels en de brij kundige ûndersiker Varkevisser oan dat it Taalplan in middel wêze sil foar lobby yn de Twadde Keamer, foar bettere betingsten oangeande it Frysk. Apart is dat dêr yn it iepenbiere part fan de gearkomste—dat it ûnderwiis yn it Frysk as saak dy’t elkenien oangiet efter sletten doarren behannele wurdt is in skandalige standertproseduere—út it Steatekomitee wei gjin inkelde fraach oer kaam, lykas wa syn lobby, wannear, wat, hoe en wêrom. Tinke se faaks net dat De Haach gniist om in ûndersyk dat de probleemanalyse út de wei giet en politike ferklearringen fan de situaasje weimuozzet efter ûnfolsleine sifers, en syn skouders ophellet oer de massale ûntheffingen dy’t de provinsje sels útdield hat?

Mar boppe-al is it in teloarstelling dat de aldersimpelste en alderwichtichste fraach net steld is: wanneer hawwe alle skoalle in A-profyl?

Advertisements
This entry was posted in Nijs. Bookmark the permalink.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

w

Connecting to %s