“Yn 2030 alle Fryske skoallen ûnderwiis Frysk”

Yn 2030 jouwe alle Fryske skoallen ûnderwiis yn it Frysk, sûnder ûntheffingen. Dat sizze Deputearre Steaten fan Fryslân yn in brief oan de Provinsjale Steateleden, dd. 17 april 2018.

Hja basearje it tiidpaad op in ûndersyk dat krekt yn july 2018 ferskine sil. Dat ûndersyk, mei de namme ‘Taalplan Frysk’, wurdt útfierd troch ECNO/NHL Hogeschool (Lectoraat Taalgebruik en Leren). Neffens it lektoraat giet it lykwols net om beliedsynnovaasje dy’t Deputearre Steaten wittenskiplik ûnderbouwe wolle. Ek in analyse fan redenen en oarsaken wie net de opdracht, seine de ûndersikers op 14 febrewaris by de pre-presintaasje fan it ‘Taalplan’; hja ynventarisearren wat skoallen woene mei it Frysk, mar net wêrom, gjin ûnderlizzende knyppunten. De webside makket dúdlik dat it giet om beliedsymplemintaasjeûndersyk: hoe hellet de provinsje syn beliedsdoel.

Door het maken van een Taalplan Frysk kan een school het aanbod Fries beter afstemmen op de leerlingen en de kerndoelen. Het project Taalplan Frysk van de provincie Fryslân en ECNO/NHL Hogeschool (lectoraat Taalgebruik en Leren) geeft bovendien een realistisch beeld van wat een school doet en kan doen aan het Fries.*

Ut de ‘Taalplan’-rapportaazje, dy’t noch net klear is en noch lang net iepenbier en dy’t gjin analyse fan de knyppunten befettet, soe no bliken dwaan dat nei trije ûntheffingstiidrekken fan fjouwer jier alle skoallen oan de kearndoelen Frysk foldwaan kinne. Kearndoelen binne ynspanningferplichtingen fan skoallen, dus lessen dy’t se jaan moatte. Moatte se de lessen Frsyk wol jaan mar kinne se dat net goed, nei eigen ynskatting, dan kinne skoallen no noch tolve jier lang in ûntheffing krije fan it ferplichte fak Frysk. Dêrnei soene alle skoallen ûnderwiis yn it Frysk jaan kinne sûnder ûntheffing fan in part fan ’e kearndoelen, lykas ûnderwiis yn it lêzen of praten fan de Fryske taal.

By de kearndoelen sit dan ek de njirre ûnder it gêrs. It brief fan Deputearre Steaten giet nammentlik sa.

Ek draacht [de te ferwachtsjen rapportaazje fan it Lectoraat] by oan in goede tarieding fan in de twadde Taalplan Frysk-omloop (mei skoalbesiten yn 2020-21 en 2021-22), de mooglike wiziging fan de kearndoelen foar it Frysk, it optimalisearjen fan it oanbod fan materialen, neiskoalling en begelieding. Dat draacht by oan it doel dat skoallen yn it Fryske Taalgebiet, dêr’t by de earste Taalplan Frysk-omloop fan bliken die dat sy noch net alle kearndoelen foar it Frysk hellen, mear wurk fan it Frysk meitsje moatte sadat sy nei uterlik trije Taalplan Frysk-sykly (2030) wol alle kearndoelen foar it Frysk helje.**

It is net de earste kear dat de kearndoelen Frysk nei ûnderen ta “wizige” wurde. Dat is yn striid mei it Hânfêst foar minderheidstalen fan de Ried fan Europa, dat Fryslân ferplichtet ta substansjeel ûnderwiis yn it Frysk, en it is stridich mei de minskerjochten want alle bern ha rjocht op it formeel learen fan de eigen minderheidstaal. Sytse T. Hiemstra, Bestjoerslid fan de Feriening Frysk Ûnderwiis en ek fan Sis Tsiis, reagearre op it brief.

„It is fierste traach en fierste min. Dit moat yn fjouwer jier klear wêze.” Vanuit de provincie geredeneerd is het wel in stapke foarút”, maar onderwijs in de eigen taal is een mensenrecht en dat kan niet wachten, benadrukt hij.***

Underwiis yn it Frysk moat der no dalik komme foar alle skoalbern yn Fryslân. Jo kinne de minskerjochten net wachtsje litte oant 2030.

 

* ECNO/NHL Hogeschool (Lectoraat Taalgebruik en Leren), ‘Taalplan Frysk’.
** Brief DS Stân fan saken taalskippersrol fan de provinsje-20170417, oan de leden fan Provinsjale Steaten, 17 april 2018, side 4.
*** ‘Scholen krijgen twaalf jaar voor doelen Fries’, Friesch Dagblad, 18 april 2018.

 

Advertisements
This entry was posted in Nijs. Bookmark the permalink.

One Response to “Yn 2030 alle Fryske skoallen ûnderwiis Frysk”

  1. Pingback: “Yn 2030 alle Fryske skoallen ûnderwiis Frysk” | ensafh

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

w

Connecting to %s