Category Archives: Aksjes!

Twadde oerlis Sis Tsiis mei deputearre Poepjes: provinsjaal minskerjochteûndersyk fan de baan

Yn oktober advisearre de beswierskriftekommisje fan de provinsje Fryslân om it beswier fan Sis Tsiis tsjin de ûntheffingen net ûntfanklik te ferklearjen. Sis Tsiis koe derfan útgean dat Deputearre Steaten it advys opfolgje soene: dat hja it beswier net nei … Continue reading

Posted in Aksjes! | Leave a comment

Beswierskrift: net ûntfanklik

Op 12 maaie 2017 hat Sis Tsiis by Deputearre Steaten fan Fryslân in Beswierskrift yntsjinne tsjin it ûnheffingsbelied fan it provinsjebestjoer. Dat ûntheffingsbelied regelet dat skoalbestjoeren in (diel)ûntheffing oanfreegje moatte foar it jaan fan it ferplichte fak Frysk. De beswierskriftekommisje … Continue reading

Posted in Aksjes! | Leave a comment

Earste oerlis mei deputearre Sietske Poepjes

Hoewol’t de deputearre fan ûnderwiis, Sietske Poepjes, net op it fersyk fan Sis Tsiis om in iepenbiere gearkomste yngean koe, om’t har keamer te lyts is (foar iepenbierens), hat Sis Tsiis op tongersdei 19 oktober in oerlis hân. De útkomst … Continue reading

Posted in Aksjes! | Leave a comment

Earste hobbel nommen!

Hjoed, yn de harksitting fan de beswierskriftekommisje fan de provinsje Fryslân, hat Sis Tsiis dúdlik útlein wêrom’t de provinsje der goed oan docht om te harkjen nei Sis Tsiis. Ek al is de termyn foar beswier tsjin de beliedsregel foar … Continue reading

Posted in Aksjes! | 1 Comment

Harksitting beswier tsjin ûntheffingen

Tongersdei 5 oktober, 13:30, Provinsjehûs Yn maaie hat Sis Tsiis in beswier yntsjinne by Deputearre Steaten fan Fryslân. Sis Tsiis is it net iens mei it ûntheffingsbelied dat skoalbestjoeren frijstelt om les te jaan yn it ferplichte fak Frysk. Sis … Continue reading

Posted in Aksjes! | Leave a comment

In skandalige stap tebek!

Rede út namme fan Sis Tsiis, Reaklif, 23 septimber 2017 André Looijenga (Ljouwert), a.r.looijenga@gmail.com Bêste minsken! Fan ’e middei binne wy fan stasjon Koudum-Molkwar nei it Reaklif rûn. Wy hawwe dat ein kuiere om mei in fleurich sin te demonstrearjen … Continue reading

Posted in Aksjes! | Leave a comment

Sis Tsiis & de lobby op it Fryske taal- en ûnderwiismêd

Minskerjochten en demokrasy binne ynherint ferfrissele. “Democracy is one of the universal core values and principles of the United Nations”, seit it Buro fan de Hege Kommissaris fan de Feriene Naasjes. Oarsom is it respekt foar minskerjochten in ûnmisber elemint … Continue reading

Posted in Aksjes! | Leave a comment