Oer ús

English

De boargeraksjegroep Sis Tsiis is oprjochte op 2 novimber 2016 troch Abe de Vries, Pier Boorsma en Kerst Huisman. De oanlieding foarme it ûnderwiisbelied fan de provinsje Fryslân, dat skoalbestjoeren de mooglikheid joech om in ûntheffing oan te freegjen foar it jaan fan it ferplichte fak Frysk, it saneamde ‘Taalplan’ dat yn juny 2015 yn wurking kaam. De inisjatyfnimmers ta Sis Tsiis oardielen dat sok belied yn striid is mei de universele rjochten fan de minske, dat sûnder mear ferplichtet ta ûnderwiis yn de memmetaal.

Op 22 desimber 2016 organisearre Sis Tsiis yn de Fryske skiednis it alderearste strjitaktivisme foar goed Frysk op skoalle. Hoewol’t it in kâlde jûn wie en de measte skoallen mei de learlingen krystfeest fierden, rûnen sa’n 300 minsken yn de fakkeltocht troch Ljouwert mei. De aksje helle de nasjonale media. Stipebetsjûgingen kamen ek út ‘Hollân’ en ek út de Twadde Keamer.

Yn maaie 2017 tsjinne Sis Tsiis in beswierskrift yn tsjin it ûntheffingsbelied. Sis Tsiis sjocht it beswier as in symboalyske aksje, bedoeld om de yllegitimiteit fan it ûntheffingsbelied op de aginda te setten. Untheffingen foar it fak Frysk kinne min liede ta, sa’t de provinsje úthâldt, in bettere posysje fan it fak Frysk yn it ûnderwiis. Sis Tsiis is fan betinken dat it boargerplicht is om dy foarstelling fan saken te bestriden. Mar ek feroardielet Sis Tsiis it feit dat it ûntheffingsbelied him rjochtet op de skoalbestjoeren en net yn it earste plak op it belang fan de learling—it ferlet fan de learlingen is net iens bekend.

Om dy reden sil Sis Tsiis mei de Fryske ûnderwiissaak nei it Kolleezje foar de Rjochten fan de Minske yn Utert. It belang fan de minderheidslearling heart sintraal te stean as it om ûnderwiis yn in minderheidstaal giet.

De grûn foar Sis Tsiis syn stribjen nei ûnderwiis yn de memmetaal is de erkenning fan de fûnemintele rjochten fan de minske, dus de rjochten dy’t in minske hat om’t er in minske is. It minskerjocht dat de essinsje útmakket fan ús boargerskip is de frijheid fan ekspresje. Frijheid fan ekspresje omfettet de frije kar foar de taal om jin yn te uterjen.

Sis Tsiis fersmyt útslutende nasjonalistyske ideologyen en Sis Tsiis hâldt him fier fan it wy-sy tinken dêr’t it kultuernasjonalisme út fuortkomt. Sis Tsiis is foar it behâld fan kultureel ferskaat tout court: kultureel ferskaat is weardefol foar alle minsken.

Sis Tsiis is ûnôfhinklik; Sis Tsiis hat gjin bannen mei politike partijen of mei de provinsje en syn kennisynstellingen en kultuerorganisaasjes. Sis Tsiis arbeidet struktureel op mei de Feriening foar Frysk Underwiis en de Ried foar de Fryske Beweging en ynsidinteel mei oare organisaasjes dy’t de Fryske kultuer ûnderstypje.

Sis Tsiis is in iepen organisaasje: elkenien kin him by Sis Tsiis oanslute. Gearkomsten binne altyd iepenbier.

Wolle jo jo oanslute by Sis Tsiis, nim dan kontakt op fia it kontaktformulier.

De minksen dy’t har namme ferbûn ha oan Sis Tsiis en syn stribjen nei goed Frysk op skoalle binne:
Jan Arendz, Nynke Beetstra, Geart Benedictus, Pier Bergsma, Jabik van der Bij, Douwe de Bildt, Andrys de Blaauw, Pier Boorsma, Rolf Bremmer, Leny Dijkstra, Leo Dijkstra, Anne Dykstra, Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Kobe Flapper, Marijke Geertsma, Durk Gorter, Rients Gratama, Pieter de Groot, Josse de Haan, Carla van der Heijde, Sytze Hiemstra, Jarich Hoekstra, Hindrik ten Hoeve, Ultsje Hosper, Kerst Huisman, Sjoukje Iedema, lutz Jacobi, Goffe Jensma, Susan ten Kate-Brattinga, Iris Kroes, Jelle Krol, Frâns Kuipers, Nynke Laverman, Eelke Lok, Titia Lont, André Looijenga, Sido Martens, Tjitske Meesters, Teake Oppewal, Syb van der Ploeg, Friduwih Riemersma, Johannes Rypma, Hâns Romkema, Willem Schoorstra, Freark Smink, Marcel Smit, Hylke Speerstra, Steven Sterk, Rob Tielman, Tsjerk Veenstra, Andries Veldman, Willem Verf, Dolf Verroen, Abe de Vries, Liuwe H. Westra, Griet Wiersma, Piter Wilkens, Baukje Wytsma, Johan van der Zee, Wout Zijlstra.

Stipers fan Sis Tsiis binne: Bertus Postma, de Ried fan de Fryske Beweging, de Feriening Frysk Underwiis, de Frysk Nasjonale Partij, it Simke Kloostermanlien en de Freonen fan Omrop Fryslân.

Partnerorganisaasjes fan Sis Tsiis binne de stifting Brede Maatskiplike Diskusje Frysk en de Jongfryske Mienskip.

 


About Sis Tsiis

Civil pressure group Sis Tsiis is founded on November 2, 2016, by the Frisian authors/activists Abe de Vries, Pier Boorsma and Kerst Huisman. The incentive to the foundation, and subsequent protests, was the new education policy from the province of Friesland, which enabled school boards in Friesland to request an exemption from the mandatory teaching of the Frisian minority language. The founders of Sis Tsiis judged that an exemption policy for the compulsory subject of Frisian infringes the universal human rights. The UN human rights, ratified by The Netherlands, entirely bind nations, including their local governments, to provide education in the mother tongue.

On December 22, 2016, Sis Tsiis organised the first street activism event for substantial Frisian education in Frisian history. The protest got a lot of acclamation and media attention. However, the provincial government declared that it would only stop to grand exemptions for the subject of Frisian and start to provide Frisian education for every Frisian student, and that way to respect the universal human rights to receive education in their mother tongue, ‘if the people wanted it’.
In reaction, Sis Tsiis filed a formal complaint against the province of Friesland’s exemption policy. In that way they succesfully put the cause on the political agenda.

Sis Tsiis sees the universal freedom of expression, which encloses the freedom to choose your language to express yourselves, as the basis for our citizenship. When one loses one’s own language, one loses one’s expression and hence one’s participation. Sis Tsiis strongly disapproves of nationalist ideologies, as well as any we-them conceptualisations underlying cultural nationalism. Sis Tsiis promotes cultural diversity just because cultural diversity is equally valuable for everybody in the world.

 

Advertisements