Sis Tsiis

“Frysk op skoalle is in minskerjocht”
Sis Tsiis is in boargeraksjegroep dy’t kampanje fiert foar goed ûnderwiis yn de Fryske taal.

“Frisian at school is a human right”
Sis Tsiis is an advocacy group that campaigns for good education in the
Frisian language.

 

Gjin politike fragen

Op de gearkomste fan it Steatekomitee Frysk op 14 febrewaris is it ûndersyk presintearre nei wat skoallen dogge en dwaan wolle oan ûnderwiis yn it Frysk. De inisjatyfnimmer ta dat ûndersyk, de provinsje, hat it ûndersyk ‘Taalplan Frysk’ neamd wat beliedsplanning suggerearret, mar nee, it ûndersyk is net rjochte op ferklearringen en rêdingsmiddels mar inkeld op sifers oer ûntheffingen fan it jaan fan it ferplichte fak Frysk. In twadde teloarstelling is dat sels dy simpele sifers omtsjoend binne ta ferhoaljende persintaazjes. Mar folle teloarstellender is dat it Steatekomitee amper fragen stelt. Sjoch Teloarstelling rûnom: Taalplan Frysk presintearre oan Steatekomitee Frysk

Wat docht Sis Tsiis

De missy fan Sis Tsiis
Goed Frysk ûnderwiis foar alle bern yn Fryslân

EN: Sis Tsiis’s mission

De memmetaal spilet in ûnskatbere rol yn de ûntjouwing fan de persoanlike en kulturele identiteit. Bern dy’t solide ferankere binne yn har eigen taal hawwe faak in djipper begryp fan harsels, har plak yn de maatskippij en har ‘sosjaal kapitaal’. Hja hawwe earder in positive ynderlike attitude, binne better oanpast oan ’e maatskippij, binne better by steat har goed te ferhâlden ta oaren en binne yn it algemien tefredener mei harsels en hawwe mear betrouwen yn ’e wrâld, likegoed as yn har eigen identiteit.

In bern dat syn eigen taal ek formeel leart kin in positiver selsbyld ûntwikkelje en erkenning en wurdearring kweekje foar de eigen komôf. Syn woarteling yn syn eigen kultuer, dêr’t de eigen taal in essinsjeel part fan útmakket, en syn witten by in kultuer te hearren, troch de memmetaal brûke te kinnen, kin de oergang nei nije omkriten makliker meitsje. In goede behearsking fan de memmetaal helpt it bern om de bannen mei syn famylje better yn stân te hâlden en fersterket syn yntegraasje yn de widere mienskip.

Taal, en dan benammen memmetaal, is de basis fan immen syn positive selsbyld en selsûnderfining en, as sadanich, de basis fan it sosjale libben. Om dizze redenen is ûnderwiis yn de eigen taal in minskerjocht. De Feriene Naasjes hawwe it fûnemintele rjocht op ûnderwiis yn de eigen taal fêstlein yn 1951. Dêrnei is it rjocht op ûnderwiis yn de eigen taal oernommen yn allerhanne ynternasjonale ferdraggen en oerienkomsten, lykas it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen.

Ek it ûnderwiis yn de Fryske taal is in minskerjocht. Alle bern yn de provinsje Fryslân hawwe rjocht op goed ûnderwiis yn it Frysk. Sis Tsiis stribbet nei it ferwerklikjen fan dat fûnemintele rjocht.

Sis Tsiis’s mission
Good education of the Frisian language for every child in Friesland

The mother tongue plays an invaluable role in the development of personal, social and cultural identity. Children who are anchored firmly in their first language often display a deeper understanding of themselves, their place within society, and their ‘social capital’. They are more likely to have a positive state of mind, to be well-adjusted to society, able to relate well to others, to be generally more satisfied with themselves, and to have confidence in the world, as well as in their own identity.

A child who learns his own language also formally is able to develop a positive self-image and to gain recognition and appreciation of its culture and origins. His growing in his own culture, of which the language is an essential component, and, his knowledge to belong to a culture by being able to use the mother tongue, facilitates the transition to a new environment. A good language proficiency in his own language helps a child to maintain closer ties with his family, and enhances his integration in the wider community.

Language, and above all the mother tongue, is the basis of a person’s positive self-concep and self-perception, and, this way, the basis of social life. For these reasons, education in the mother tongue is a human right. The United Nations enshrined the fundamental right to education in one’s own language in 1951. Thereafter the right to education in the mother tongue is adopted by various international conventions and agreements, like the European Charter for Regional and Minority Languages.

Education in the Frisian language is a human right as well. Every child in the province of Fryslân has the right to receive good education in Frisian. Sis Tsiis strives to realise that fundamental right.

Advertisements