Parse/Press

Nederlands

3 oktober 2017
Foar direkte publikaasje

PARSEBERJOCHT

Harksitting Sis Tsiis tsjin Deputearre Steaten fan Fryslân:
Beswierskrift tsjin ûntheffingen foar ûnderwiis yn it Frysk

LJOUWERT – Untheffingen foar Frysk op skoalle binne stridich mei de minskerjochten. Dat is it argumint dêr’t boargeraksjegroep Sis Tsiis op tongersdei 5 oktober syn beswier tsjin it provinsjale ûntheffingsbelied mei ferdigenje sil. Dat bart yn in harksitting op it provinsjehûs yn Ljouwert, nei oanlieding fan it beswierskrift dat Sis Tsiis yn maaie yntsjinne by it kolleezje fan Deputearre Steaten. It beswier is rjochte tsjin de beliedsregel dy’t de provinsje yn 2015 fêststeld hat, dy’t it skoallen mooglik makket om in ûnheffing krijen foar it ferplichte fak Frysk. Sis Tsiis sil pleitsje foar it ynlûken fan dy beliedsregel.

Al 70 persint fan de basisskoallen hat in dielûntheffing krigen. Dy skoallen hoege net oan it ûnderwiisoanbod fan Frysk te foldwaan dat yn de wet fêstleit, mar meie ek minder oanbiede. Sa krijt 22 persint fan ’e basisskoallen in ûntheffing fan praten, lêzen, skriuwen en taalbeskôging; 7 persint hoecht sels gjin harkjen nei de Fryske taal te jaan. Dat de ûntheffingen foarútgong foar it Frysk beävensearje, sa’t deputearre Sietske Poepjes okkerdeis ferklearre, bestriidt Sis Tsiis. Dat kin inkeld al net troch it grutte oantal takende ûntheffingen. Om’t ûntheffingen fjouwer jier jildich binne, in heale basisskoalle lang, sil de taalbehearsking fan in soad bern slim efterút gean, seit Sis Tsiis. Boppedat garandearret neat dat skoallen yn ’e takomst mear oan it Frysk dwaan sille. It belied mist twang, mar ek beleaning.

Wat it protest fan Sis Tsiis fierder oanblaast hat is dat it ûntheffingsbelied it belang fan it bern, syn âlden en de Fryske boarger net sintraal stelt. De ûntheffingen binne der, neffens de ûntheffingewebside, sadat skoallen “gemakkelijker kunnen voldoen aan de kerndoelen Fries.” De kritearia foar it krijen fan in ûntheffing binne it plak dêr’t de skoalle stiet, oft dêr in protte Frysk praat wurdt, en wat de skoalle tinkt oan it Frysk dwaan te kinnen. Mar it ferlet fan ’e skoalbern is net meiwoegen. Dat mei neffens Sis Tsiis beslist net: it makket de beliedsregel ûnrjochtmjittich.

Foar de harksitting út sil Sis Tsiis in lytse protestmars hâlde. Publyk wurdt om 13:00 ferwachte foar it treinstasjon Ljouwert. Om 13:20 is de oankomst by it provinsjehûs, dêr’t om 13:30 de iepenbiere harksitting begjint. Wat de útspraak fan de beswierskriftekommisje ek is, Sis Tsiis sil de ûntheffingesaak nei it Europeesk Hôf foar de Rjochten fan de Minske bringe. Want alle bern ha rjocht op ûnderwiis yn de minderheidstaal.

————————— —– Understeande is net foar publikaasje! —– —————————

Sis Tsiis. Frysk op skoalle – in bernerjocht.
sistsiis2016.wordpress.com

Foar mear ynformaasje en foar byldmateriaal:
sistsiis2016@gmail.com
facebook.com/sis-tsiis
Friduwih Riemersma, Boomstraat 32d, 1015 LC Amsterdam
020 693 86 31, friduwih@gmail.com

Download it parseberjocht as pdf
Download de pleitnota fan Sis Tsiis tsjin DS fan Fryslân
Download de tsien-puntenútlis fan de ûntheffingen

 


3 oktober 2017
Voor onmiddellijke publicatie

PERSBERICHT

Actiegroep: Fries taalbeleid in strijd met mensenrechten
Sis Tsiis stapt zo nodig naar Europees Hof

LEEUWARDEN. De Friese burgeractiegroep Sis Tsiis verdedigt donderdagmiddag in een hoorzitting bij de provincie Fryslân haar bezwaren tegen het Friese onderwijsbeleid. Volgens de actiegroep zijn de ontheffingen voor het verplichte schoolvak Fries die de provincie momenteel massaal verleent aan scholen in Fryslân lijnrecht in strijd met de mensenrechten. De groep zegt zo nodig naar het Europese Hof voor de Rechten van de Mens te zullen stappen.

Het bezwaar van Sis Tsiis (zeg kaas) richt zich tegen een in 2015 door de provincie vastgestelde beleidsregel. Meer dan 70 procent van de Friese basisscholen heeft inmiddels op basis van die regel een vorm van ontheffing gekregen die voor vier jaar geldt. Middelen om te zorgen die scholen zo’n ontheffing daarna niet meer nodig hebben, worden echter in het provinciale beleid niet geformuleerd. Sis Tsiis vindt dat tienduizenden Friese leerlingen zodoende het recht op goed onderwijs in hun moedertaal wordt ontnomen. De groep vreest permanente afbraak van de in de onderwijswetten vastgelegde verplichting tot het geven van onderwijs in het Fries en wil dat de beleidsregel wordt ingetrokken.

Friese scholen kunnen ontheffingen krijgen (voor bijvoorbeeld leren schrijven, lezen en spreken) op basis van een schatting van het taalgebruik in de gemeente waar de school is gevestigd. Blijkt daaruit de gemeente minder Friestalig, dan worden aan scholen grotere ontheffingen verleend. ,,Dit beleid zet het belang van het kind, diens ouders en de Friese burger niet centraal”, zegt Friduwih Riemersma van de actiegroep. ,,De ontheffingen zijn er gekomen omdat scholen dan gemakkelijker zouden kunnen voldoen aan de kerndoelen in het Friese onderwijs. Naar wat de leerling nodig heeft, is daarbij niet gekeken en dat maakt de beleidsregel onwettig.”

Om 13.00 uur begint vanaf het treinstation in Leeuwarden een kleine publieksmars naar het provinciehuis in de binnenstad. De openbare hoorzitting op het provinciehuis begint om 13.30 uur.

————————— —– Onderstaande is niet voor publicatie! —– —————————

Sis Tsiis. Frysk op skoalle – in bernerjocht.
sistsiis2016.wordpress.com

Voor meer informatie en voor fotomateriaal:
sistsiis2016@gmail.com
facebook.com/sis-tsiis
Friduwih Riemersma, Boomstraat 32d, 1015 LC Amsterdam
020 693 86 31, friduwih@gmail.com

Download het persbericht als pdf
Download de pleitnota van Sis Tsiis tegen GS van Fryslân (FY)
Download de tien-puntenuitleg van de ontheffingen (NL)

 

Advertisements