Stifting

Stifting Sis Tsiis is in algemien nut beëagjende ynstelling (ANBY).
De stifting hat as doel:
a. it behertigjen it algemiene belang fan substansjeel ûnderwiis yn it Frysk fan kollektive belangen op it mêd fan ferbettering fan de posysje ûnderwiis yn it Frysk op skoallen en oare ynstellingen yn de provinsje Fryslân; it bestjoer kin ek beslute om projekten op oare plakken te ûnderstypjen;
b. it ferrjochtsjen fan alle fierdere hannelings dy’t mei it foarôfgeande yn de romste sin ferbân hâlde of dêrta fertuten dwaan kinne.

De stifting hat gjin personiel yn tsjinst, der is gjin direksje en de bestjoerders krije gjin beleaning foar har wurk.

De stiftingsbestjoerders binne:
Foarsitter: Abe de Vries
Skriuwer: Sytze T. Hiemstra
Ponghâlder: Friduwih Riemersma

Jo kinne ús hjir berikke:
Emailadres: sistsiis2016@gmail.com
Postadres: Boomstraat 32d, 1015 LC Amsterdam
Tillefoan: 020 693 86 31

Oare stiftingsgegevens binne:
KvK-nûmer: 70294437
RSIN: 858241821
Karbrief Sis Tsiis

De formalisearring fan de boargeraksjegroep yn in stifting Sis Tsiis krige syn beslach op 13 desimber 2017.
Hjir is it beliedsplan 2018-2020 en hjir is de NL-ferzje.
It earste finansjele jierferslach kinne jo yn febrewaris 2019 ferwachtsje; op dizze webside fine jo ûnder “Aksjes” (menu) in oersjoch fan it wurk fan Sis Tsiis.

Advertisements