Oan ûnderwiis yn it Frysk kin de minister neat dwaan?

Syn debút yn it Frysk-Haachske bewâldfieren sil wol gau ferblikje: sa revolúsjonêr wie it ministersbrief oer it ûnderwiis yn it Frysk ommers net. Alteast net foar wa’t it regearakkoart ûnder eagen hân hat.

Om te begjinnen stiet dêr oer ûnderwiis net yn wat deryn heart te stean. Wylst it ûnderwiisfjild der alles oan dien hat om omtinken te krijen foar it enoarm leararetekoart, dat sûnder mis de kwaliteit fan it ûnderwiis ta skea wêze sil, stiet it wurd ‘lerarentekort’ net ien kear yn it regearakkoart. Der komt wol ekstra jild by foar ûnderwiis, mar oan de grutte problemen wurdt neat dien, sa giet de krityk út withoefolle ûnderwiisorganisaasjes.

Wol wurdt de “herziening van het onderwijscurriculum doorgezet. Deze wordt in 2019 wettelijk verankerd. Hiermee wordt het funderend onderwijs voor vakken als Nederlands, rekenen en wiskunde meer toekomstbestendig gemaakt.” De klam bliuwt lizzen op de basis en dus de Nederlânske taal. Ek de yntegraasje yn ’e Nederlânske ienheidskultuer is in bliuwerke. “Het is van groot belang dat we die historie en waarden actief uitdragen. Het zijn ankers van de Nederlandse identiteit in tijden van globalisering en onzekerheid. Op school leren kinderen daarom het Wilhelmus, inclusief de context ervan. Ook maken we het mogelijk dat alle kinderen tijdens hun schooltijd het Rijksmuseum en ons parlement bezoeken.”

It wurd ‘Fries’ stiet net yn it regearakkoart. Fierder wurdt oer kultureel ferskaat sein, “De overheid zal als werkgever het goede voorbeeld geven door een actief diversiteits- en antidiscriminatiebeleid te voeren”, mar dat stiet yn de paragraaf oer de arbeidsmerk. Wurkjouwers moatte ynvestearje yn diversiteitsbelied; de oerheid docht dat net. De oerheid bliuwt nammentlik op ôfstân: “We bieden kansen, die mensen dan zelf moeten pakken.”

Kreas yn ’e line fan it akkoart beändere de minister de útstellen foar ferbettering fan it ûnderwiis yn it Frysk fan advysorgaan foar de Fryske taal Dingtiid. En wol mei de standert laisser faire laisser passer-hâlding fan ús neoliberale Ruttekabinetten, dat ‘it net oan’ de ryksoerheid is: “…is het niet aan de Rijksoverheid om te interfereren” en “… het niet aan de Rijksoverheid is.”

Oer oan wa’t it wol is, is de minister ûndûbelsinnich. De skoalbestjoeren, dus de ynstellingsbestjoeren boppe de skoalle, beslisse wat de skoalle docht oan it Frysk. Dat beslisse net de learkrêften, net de skoallieding oftewol de direksje, al hielendal net de âlden—en nee, ek net de provinsje Fryslân. De provinsje Fryslân hat ommers sels, yn syn eigen beliedsregel oer ûnderwiis Frysk, de skoalbestjoeren ta it beliedssubjekt makke. De provinsje sprekt mei syn beliedsregel inkeld de skoalbesjoeren (of de foarsitter dêrfan) oan, ynstee fan de skoalbern en âlden, as wie it ûnderwiis yn it Frysk der foar de skoalbestjoeren en net foar de Fryske bern. De provinsje nimt it belied fan skoalbestjoeren, net fan gemeenten, oangeande it jaan fan Frysk as liedend foar ûntheffingen fan it fak Frysk.

Mar dat der dêrom net mear in soad te regearjen falt troch de oerheid, dat oerdriuwt de minister. Dingtiid stelde just in nije wetsoanpassing oangeande it Frysk op skoalle út, sadat oerheidsstjoering wol wer kin. De minister hat dat útstel ûngemurken en ûnmotivearre neist him dellein, mar wa hie wat oars ferwachte. Wylst de minister om syn tekoartsjittend belied de stakingen en massaprotesten op it Binnenhof ferwachtsje mei, sil Sis Tsiis it provinsjebestjoer de tommeskroeven oanlizze. Sis Tsiis hat fan de minister neat leard wat Sis Tsiis net al wist: de provinsje is o sa ferantwurdlik en de provinsje moat in stap sette, ien dy’t flink wat folwoeksener is as it Frysk folksliet op skoalle.

x

Minister Arie Slob, Reaksje op it advys fan Dingtiid, Keamerstik 9 novimber 2017
Dingtiid, Meartaligens as kwaliteit en doel, maaie 2017
Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2013-2018
Friduwih Riemersma, ‘Frijheid fan skoalle ↔ Frysk op skoalle’, 13 novimber 2017

 

This entry was posted in Nijs. Bookmark the permalink.

1 Response to Oan ûnderwiis yn it Frysk kin de minister neat dwaan?

  1. Hein Wijma says:

    Dus it is oan de skoallebestjoeren om te beslissen of der Fryske les jûn wurdt. Wat ik my no ôffreegje, wat binne einliks de finansjele konsekwinsjes foar in middelbere skoalle mocht it skoallebestjoer dan wol beslute om Frysk te jaan oant ‘e mei de eksamenklasse ? De skoalle hat dan ien of mear learkrêft(en) Frysk nedich en dy krije in salaris.
    Kriget dy skoalle dan ekstra jild fan it ryk of de provinsje oerienkomstich dat salaris? Of moat de skoalle (hast) alles sels betelje? Doe’t ik op ynternet socht, fûn ik allinne dat de provinsje in regeling “Lesuren Fries in het onderwijs” hat mei in maksimaal budzjet fan 115000 euro per jier. As der nei it takennen fan de earste 115000 euro mear oanfragen binnen komme, dan krije de lettere oanfregers neat. De totale regeling is dus genôch foar twa of trije leararen Frysk ferdield oer hiel Fryslân. As dy regeling echt de iennichste manier is foar middelbere skoallen om har lessen Frysk te finansieren, dan soene skoallen de Fryske lessen meast sels betelje moatte. Dan soe it notiidske beliid einliks oerienkomme mei it jaan fan in jierlikse boete fan omtrint in ton oan middelbere skoallen dy’t wol Fryske les jaan wolle. Wit immen hoe’t it krekt sit?

    Like

Leave a comment